Oaljeskermen pleatst yn fiver by crashlokaasje Bitgum

10 jun 2016 - 15:23

Der wurde op dit stuit oaljeskermen pleatst yn de fiver oan De Bodde yn Bitgum dêr't tongersdei in strieljager yn delstoart is. Troch de crash lekt der oalje út it fleantúch. Om foar te kommen dat de oalje fierder de fiver yn lekt en it wetter fersmoarget, wurde de oaljeskermen oanbrocht.

Yn opdracht fan it Wetterskip Fryslân pleatst de brânwacht fan Grou de skermen. Sy binne hjir nammentlik yn spesjalisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)