Botsing mei frachtwein op A6: lange file by Sint-Nyk
Op de A6 fan De Jouwer nei De Lemmer is in frachtwein op in pylkwein knald. Dat barde op 'e hichte fan Sint-Nyk, dêr't oan de dyk wurke wurdt. It ûngelok soarget foar in kilometerslange file.
Der is ien rydstreek beskikber foar it ferkear. It sil noch wol even duorje foardat de file oplost is.