Fjouwer moanne sel foar himpkweker út Ljouwert

10 jun 2016 - 14:49
  • Stockfoto

In 37-jierrige man út Ljouwert moat fjouwer moanne de sel om't er yn Wolvegea en Hurdegaryp grutte himpkwekerijen hie. Dêr hat er goed 830.000 euro oan fertsjinne en dat jild moat er werom betelje. De plysje die ferline jier maaie meardere ynfallen yn gebouwen yn Fryslân. De Ljouwerter waard dêrby oanholden.

Yn in âld gebou fan de Rabobank yn Hurdegaryp wie in kwekerij mei achthûndert himpplanten ynrjochte. Yn in loads fan de Ljouwerter yn Wolvegea stienen twahûndert himpplanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)