Minder jongeren yn Fryslân freegje WW-útkearing oan

10 jun 2016 - 12:57
  • UWV

It oantal jongeren dat in WW-útkearing oanfreget by it UWV yn Fryslân, is mei 16 persint nei ûnderen gien. Dat docht bliken út it rapport Basiscijfers Jeugd. It ôfrûne healjier wiene der goed 2300 nije útkearingen foar jongeren oant 27 jier. Dat binne der dik 440 minder yn fergelyk mei deselde perioade ferline jier.

Ein maart dit jier stiene der by it UWV yn Fryslân hast 4600 jongeren oant 27 jier as wurksykjende registrearre. Fan dizze groep hat 42 persint in lege oplieding.

Ut de sifers docht fierder bliken dat der minder mbo-fakatueres binne yn Fryslân. It ôfrûne healjier wiene der 20 persint fakatueres minder as yn deselde perioade it jier derfoar. Jongeren dy't no begjinne mei in mbo-oplieding hawwe goeie kâns op in baan as se kieze foar de rjochtingen ferpleechkunde, retailmanagement en kok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)