FNP wol Frysk fermelde yn fakatueres Achtkarspelen

By fakatueres fan de gemeente Achtkarspelen moat it ferstean fan it Frysk altyd fermeld wurde as wichtige funksje-eask. Dat skriuwt de fraksje fan de FNP oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. It wie de partij opfallen dat dy eask net stie yn fakatueres wêrop't de ôfrûne wiken sollisitearre wurde koe.
De FNP wiist derop dat it Frysk tige wichtich is foar de kwaliteit fan de tsjinstferliening fan de gemeente. De partij fynt dat de Nota Frysk Taalbelied Achtkarspelen optimaal útfierd wurde moat.
Dat betsjut ûnder oare dat der yn de fakatueres fan de gemeente de eask stean moat foar in positive hâlding oangeande de Fryske taal. De FNP giet derfan út dat hjir yn de sollisitaasjepetearen ek oer praat wurdt.