UPDATE: Parkearterreinen Loftmachtdagen fol

De parkearterreinen foar besikers fan de Loftmachtdagen op de fleanbasis yn Ljouwert binne fol. Besikers kinne allinnich noch mei it iepenbier ferfier nei de fleanbasis komme. Der ride pendelbussen fan it treinstasjon yn Ljouwert ôf.
Wa't no noch yn de auto sit, wurdt advisearre om dy earne oars del te setten en nei it stasjon te kommen. De hiele dei al is it drok. It ferkear oan de westkant fan Ljouwert stie hielendal fêst, mei lange files as gefolch.