Beskerming fan fuortspielend Gryn begjint yn augustus

De beskerming fan it eilân Gryn yn de Waadsee set yn augustus útein. Dat meldt behearder Natuurmonumenten. It eilân driget fuort te spielen. Sân dat frijkomt by it ûnderhâld fan de fargeul yn de Blauwe Slenk wurdt mei in parslieding nei it eilân brocht. Dêrmei wurdt in 400 meter brede sânbank mei skulpebanken makke oan de râne fan Gryn. Hegere parten fan it eilân wurde plagge om de rûchte te bestriden wêrmei it wer oantrekliker wurdt foar briedende fûgels.
Fierders komt der in lytse iepening yn de noardlike dyk om der foar te soargjen dat mei it seewetter ek nije klaai it eilân berikke kin wêrtroch de kwelder groeie kin.
Der wurdt swier materiaal ynsetten; in graafmasine, in shovel, in buldoazer en trije dumpers. It wurk wurdt by springtij stillein en nachts wurdt der grien ljocht brûkt om oerlêst foar fûgels foar te kommen.