Kollum: "Famke mei in rêchsekje"

10 jun 2016 - 08:54

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"Ik wie in jier as tsien. Ik siet by 'meester' Procee yn de klasse. Ik en noch wat famkes wiene oan it sjongen. Wy songen Like a Prayer fan Madonna. Dat koe meester wol efkes lije, it wie in skoalle dêr't muzyk belangryk wie, mar net te lang fansels want we sieten yn in gewoane les. Mar ik koe net mear stopje, ek al hie meester sein dat we ophâlde moasten. De oare famkes diene harren mûlen netsjes wer ticht, mar ik wie krekt in elpee dy't oersloech en begûn as fansels wer opnij. It like wol in tydlike dwangneurose.

Meester hy syn nocht. De bel gong. Foar straf mocht ik de klasse noch net út, mar hâldt meester my by de earm en mochten al myn klassegenoaten foar myn noas earst de doar út rinne. De triennen rôlen my oer de wangen, fan senuweftich laitsjen en spanning tagelyk. Ik koe der heal net oer as ik wat ferkeard dien hie.

Mar dat die ik wol regelmjittich. Ek by de foarige juf. Ik koe myn mûle noait hâlde, wie drok en woe de hiele dei fan myn stoel ôf. Fan har moast ik in skoftke allinnich sitte, mei de rêch nei de rest fan de bern ta. Ik ha wolris fernaam dat juf my best wol yrritant fûn. Ik fûn mysels ek best yrritant, mar wist noch net hoe't ik it better dwaan koe. Se hat út ûnmacht in kear yn myn earm knypt.

Dochs wie it allegearre net sa slim blykber, en te oersjen. Wy hienen gjin enoarme klassen, we wienen mar in lyts doarpsskoaltsje, sa as sa folle yn Fryslân. Letter, op de Havo, soe ik wit hoe faak op de gong stean.

Yn dizze tiid soe ik no miskien wol in bern wêze mei in saneamd rêchsekje, of soenen er 'gedragsincidenten' yn myn rapport stean. Sûnt foarich jier binne skoallen ferplichte om ferfelend gedrach fan bern op yn of oare manier te registrearjen. Dat is om de feilichheid te garandearjen.

No kin ik my net foarstelle dat juffen en masters elke skeet registrearje moatte. Mar ik freegje my wol ôf, wannear moat gedrach wol registrearre wurde? En wat bart er dan letter wer mei sokke registraasjes? En gean bern har der ek nei 'gedragen', as se ien kear in stimpel ha? En, hoe sit it mei de privacy fan dizze rapporten?

Jo hearre wol, ik bin in bytsje pessimistysk oer dossierfoarming. Ja, it kin in goed byld jaan foar letter mar as je ien kear yn in frame sitte, bygelyks omdat je as bern in lestich jier ha en dat jier ferfelend dogge, komme je dan ek wer út dat frame?

Sa wurket it by de foarseleksje foar de hegere skoalle yn elk gefal net. Ha je ien kear in advys, in vmbo-advys bygelyks, dan blykt it dreech om dêr wat oan te feroarjen. Bern fan âlders dy't in lege oplieding hawwe, wurde faaks automatysk leger advisearre, soms ûnrjochtlik. Mar wa't ien kear yn in foarmke jitten is, kin hast net mear út it foarmke ek al doocht it foarmke net. De 'sortearmasine' wurdt dat yn it ûnderwiis neamd. Dat fertelde in ûnderwysinspekteur my, doe't ik by de presintaasje fan in rapport wie. Fûn de ynspekteur soarchlik. Soe ik yn dizze tiid oars 'sortearre' wurden wêze?

It fielt as gelok dat ik út de foarmkesmasine kaam bin. En ik bin stikem ek bliid dat ik gjin rêchsekje krigen ha. Dat klinkt ek in bytsje as foarsortearje. En meester en juf: tankewol dat ik er gewoan wêze mocht, mei alle eigenaardichheden."

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(advertinsje)
(advertinsje)