UPDATE: Ferkear rint fêst fanwegen Loftmachtdagen

It ferkear yn en om Ljouwert stiet yn de file foar de Loftmachtdagen op de fleanbasis. Op de N383, A31 en de N31 rint it fêst rjochting Ljouwert. De fertraging kin oprinne oant trije kertier. Derneist binne der klachten fan minsken dy't lang wachtsje moatte op de pendelbussen dy't harren fan de parkearterreinen nei de fleanbasis bringe.
De A31 tusken Dronryp en Marsum is ôfsletten foar it ridende ferkear en wurdt brûkt as parkearterrein foar besikers. De ANWB freget besikers om de navigaasje út te setten en de ferkearsbuorden te folgjen.
Ferkear dat fan de Ofslútdyk nei Grins moat, kin neffens de ANWB better op de A7 bliuwe en net fia Ljouwert ride.