"Jou mear foarljochting oer krimineel gedrach"

09 jun 2016 - 22:38
  • De finzenis yn Ljouwert

It soe goed wêze as jongeren mei in ferstanlike beheining of in psychyske steuring mear foarljochting krije oer de gefolgen fan krimineel gedrach. Dat seit de direkteur fan it detinsje sintrum yn Ljouwert, Anna Nijstad, nei oanlieding fan in besite fan ferskate jongeren mei in ferstanlike beheining oan de finzenis.

Nijstad tinkt dat besiten en foarljochting in soad minsken út de finzenis hâlde sille. Mar leafst 50 oant 70 persint fan de finzenen hat tsjintwurdich in beheining, seit Nijstad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)