Famke skept troch auto, mei swiere ferwûningen nei sikehûs

09 jun 2016 - 22:18
  • Famke ferwûne nei oanriding op It Hearrenfean

By in oanriding op de Haskerútgong op It Hearrenfean is tongersdeitejûn in 10-jierrich famke op de fyts oanriden troch in 32-jierrige automobilist. It famke is mei swiere ferwûningen nei it UMCG yn Grins brocht. Personiel fan de traumahelikopter hat it ambulânsepersoniel holpen by de earste helpferliening.

De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok, dêrfoar wie de dyk in skoft hielendal ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)