Skipswerf TBG yn Harns 'spic en span' foar keninklike besite

09 jun 2016 - 20:18
  • TBG Harns

Skipsboubedriuw TBG Harns sit folop yn de tariedings foar de besite fan kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima kommende moandei. Om der 'spik en span' út te sjen foar de besite hat it bedriuw oan it fervjen en wjudzjen west en ekstra befeiligers ynskeakele.

By TBG Harns krije de oranjes in rûnlieding en ek sille se sjen hoe't it bedriuw wurkgelegenheid kreëarret foar jongeren troch it lear-wurktrajekt dat se hawwe. Oan it ein fan de rûnlieding stappe Willem-Alexander en Máxima op it steatejacht en farre se nei it sintrum fan Harns.

De kening en keninginne gean net allinne by TBG Harns op besite. Se sille bygelyks ek sjen by it Keninklik planetarium yn Frjentsjer, tomatekwekerij 'It Wiid' yn Wier en wenkompleks 'Nij Bethanië' yn Tsjummearum. Omrop Fryslân docht moandei 13 juny ferslach fan de keninklike besite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)