Crashplak Bitgum is net tagonklik, wurdt bewaakt troch ME

09 jun 2016 - 20:07
  • It plak by Bitgum dêr't it fleantúch delkaam is

It plak fan de fleantúchcrash by Bitgum is ôfset en wurdt bewaakt troch de mobile ienheid. Minsken moatte dus ek net nei it crashplak gean, want dat is net berikber. Wetterskip Fryslân hat maatregels nommen om eventuele wetterfersmoarging foar te kommen. It fleantúch is foar in part yn it wetter by it kassekompleks delkommen.

De gemeente Menameradiel lit witte dat se freed fan 9:00 oere ôf berikber binne foar ynwenners dy't fragen hawwe oer de fleantúchcrash fan tongersdeitemiddei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)