Meiwurker yn de kas: "Wat ha wy in gelok hân"

09 jun 2016 - 19:34
  • Foto's út de kas

Ferskate minsken wiene tsjûge fan de crash mei de Switserse strieljager by Bitgum. Robert Woerds, de eigener fan de kas dêr't de piloat yn crashte, is der ien fan. Hy fertelt wat er sjoen hat. "Wij zagen rook door onze ramen en hoorden glas rinkelen. De piloot is door het dak heen gezakt bij ons. Gelukkig is hij ongedeerd."

Woerds seach de strieljager yn it wetter njonken de kas lizzen. "Hij lag in het water en toen brandde het nog hevig. Waarschijnlijk door de kerosine. Hij was op ongeveer 50 meter naast de kas in het water terechtgekomen", sa seit Woerds.

Untsnapt oan ramp

Niels Jensma, meiwurker yn de kas dêr't de piloat telâne kaam, fong de ferwûne piloat op. Jensma hat him, tegearre mei in kollega, nei de útgong fan de kas brocht. In ambulânse wie dêr te plak om de ferwûne piloat te behanneljen. Jensma kin noch altyd net befetsje oan hokker ramp se ûntsnapt binne. De strieljager lei mar 50 meter fierderop en hie ek op de kas delkomme kinnen. "Ik moat der net oan tinke hoe't it dan mei my en myn kollega's ôfrûn wie". 

Spotters tsjûge fan crash

Ien fan de fleantúchspotters dy't deunby it plak fan de crash oanwêzich wie, is spotter Dennis. Hy stie by it lâningsplak yn Marsum doe't it Switserse fleantúch dêr deunby delstoarte yn it wetter. Hy hie al gau yn de gaten dat der eat goed mis wie. "Ik had het in de gaten op het moment dat ik rook zag. Als je rook ziet bij een vliegveld en als er maar vijf van de zes vliegtuigen landen, dan weet je dat er wat aan de hand is." Hy seach dêrnei it beskeadige fleantúch ek binnenkommen en mient dat de twa in botsing hân hawwe.

De sfear by de spotters is bot omslein. "Vanmiddag was er nog een vrolijke sfeer, maar dat is nu wel omgeslagen", sa seit Dennis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)