'Operatie Steenbreek' moat Ljouwert griener meitsje

Sa moat it dus net © Omrop Fryslân, Joline Dalstra
Ljouwert wol him ynsette foar mear grien yn de gemeente. Dêrta wurdt moandei in oerienkomst tekene ûnder de namme "Operatie Steenbreek". Neist de gemeente dogge ek it Wetterskip, it Nordwin College en de Fryske Miljeufederaasje mei. Sy prate ôf dat se bygelyks bewenners oantrune wolle om de tunen griener te meitsjen, dus minder tegels en mear gers en planten.
Mear grien soarget foar in skjinnere lucht en minder wetteroerlêst by swiere buien. Boppedat betsjut it ek mear romte foar fûgels, flinters en oare bisten.