Crash is earste ûngelok fan Switsersk stuntteam

09 jun 2016 - 18:56

De strieljager dy’t tongersdei delstoarte by Bitgum makket diel út fan it Patrouille Suisse, in team van stuntfleaners fan de Switserske Loftmacht. It wy it earste ûngelok ea foar it team.

De stuntfleaners foarmje ien fan de stuntteams dy’t dizze wike yn Nederlân binne foar de Loftmachtdagen, dy’t freed en sneon op fleanbasis Ljouwert plakfine. Under oare demonstraasjes fan de stuntteams Belgyske Red Devils en Patrouille de France stean ek op it programma.

De Patrouille Suisse waard yn 1964 oprjochte en is ien fan de fjouwer showteams fan it Alpelân. De tastellen – mei knalreade fleugels en it wite Switserske krús boppe-op – wurde altyd flein troch piloten yn aktive tsjinst, dy’t de stuntshows neist harren deistige taken útfiere. De showteams fleane mei ferskate soarten tastellen, ûnder oare de F-5E, wêrfan’t der tongersdei in fleantúch delstoarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)