Hamstra hat wol wat mei Hearrenfean

"Ik had meteen een klik" en "ja, ik ga wel even bellen met Riemer en Foppe. It binne twa reaksjes fan de nije technysk manager fan sportklup Hearrenfean. Gerry Hamstra giet offisjeel 1 july oan de slach as opfolger fan Hans Vonk. Al seit hy sels dat hy warskienlik al earder oan it wurk sil. Hamstra hat earder alris staazje rûn foar de kursus Betelle Fuotbal by Hearrenfean yn de tiid dat Gertjan Verbeek coach wie.
Boppedat hat hy fjouwer jier CIOS dien op It Hearrenfean en wie de Grinzer Hamstra earder sân jier lang haadtrainer fan Drachtster Boys. Sûnt 2009 wurket Hamstra by de Vitesse Voetbal Academie. Hy wennet yn Apeldoorn.