Fryske HBO-studinten dogge mei oan robotwedstriid

Yn skouboarch De Lawei yn Drachten sille studinten fan seis grutte HBO-opliedings út Noard-Nederlân de striid mei-inoar oan om de bêste robot te ûntwikkeljen dy't in keunstwurk meitsje kin.
De wedstriid is organisearre troch it Innovatiecluster Drachten. It is de bedoeling dat de robot mei in app oanstjoerd wurdt. In sjuery mei eksperts fan it ynnovaasjekluster en in keunstkenner bepale wa't wint. De keunstwurken wurde oan it ein fan de jûn feild troch boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân.