Strieljager delstoart by Bitgum, piloat feilich

Oan de Bodde by Bitgum is tongersdeitemiddei in fleantúch delstoart, in twadde fleantúch rûn skea op. It giet om F-5's fan de Switserske groep Patrouille Suisse dy't yn Ljouwert mei seis F-5E Tiger II tastellen is foar de Loftmachtdagen. It fleantúch is rjocht nei ûnderen stoarten en delkommen yn in fiver tusken de kassen.
De piloat fan it delstoarten fleantúch is mei de sjitstoel út syn tastel sprongen en op in kas delkommen, mar it giet nei omstannichheden goed mei him.
It twadde fleantúch dat skea oprûn hat is úteinlik feilich oankaam op de fleanbasis yn Ljouwert.