Sân jier sel en TBS easke foar deaslach yn Drachten

09 jun 2016 - 15:09

It Iepenbier Ministearje easket sân jier mei tbs en dwangferpleging tsjin de man dy't ferline jier augustus yn Drachten syn eks-freondinne deastutsen hat. Neffens de offisier fan justysje giet it yn dizze saak net om moard mar om deaslach. Der soe gjin bewiis wêze dat de fertochte it mes yn it foar meinaam hat. Dêrnjonken wie de fertochte ûnder ynfloed, en kin er dêrtroch net mei opset sin hannele hawwe. Dochs seit de offisier fan justysje wol dat de wize wêrop't it slachtoffer delstutsen is, derop wiist dat de deaslach gjin ûngelok wie.

De 43-jierrige fertochte út Drachten gie nachts nei it hûs fan it 32-jierrige slachtoffer en brocht har om it libben. It doetiids achtjierrige jonkje fan de frou wie ek yn 'e hûs. It jonkje, dat no 9 jier is, kaam yn de rjochtbank oan it wurd fia in fideoboadskip. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)