Omwenners Dokkumer Houtkolk binne bliid mei sloop

09 jun 2016 - 14:23

Omwenners fan it bedriuweterrein Houtkolk yn Dokkum binne bliid dat it âlde bedriuweterrein sloopt wurdt. It sjocht der neffens harren al jierren fertutearze út. Yn plak fan de bedriuwsgebouwen komme no 77 keap- en hierapparteminten te stean.

Wol binne der ûnder in pear bewenners soargen dat de hege gebouwen soargje foar minder sinne yn harren tún. Dochs binne de bewenners fierder goed te sprekken oer de plannen foar nijbou. De gebouwen oan it yndustryterrein lâns de Dokkumer Ie stean foar in grut part leech.

Ek binne de gebouwen swier skansearre troch bygelyks de stoarmen fan de ôfrûne jierren. Dat seit Theo Visser fan boubedriuw Visser, ien fan inisjatyfnimmers foar de plannen. Visser seit dat der goed rekken hâlden is mei de hichte fan de gebouwen en de stân fan de sinne, dus omwenners hoege harren dêroer gjin soargen te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)