Leden FNP hoege net langer perfoarst Frysk te praten

Riedsleden of steateleden fan de FNP hoege yn de takomst net langer beslist Frysk te praten. As sy har better útdrukke kinne yn it Hollânsk, mei dat ek. En ek de ledegearkomste hoecht net mear hielendal yn it Frysk. Dat stiet yn it diskusjestik 'Fan taalpartij nei aksjepartij foar Fryslân', dat skreaun is troch deputearre Johannes Kramer.
Hy wurdt stipe troch partijfoarsitter Ultsje Hosper en fraksjelieder Corlienke de Jong yn de Provinsjale Steaten. Kramer fynt dat de partij allinnich groeie kin, as de FNP him ferbredet.