Ynwenners Súdwest-Fryslân joue gemeente besunigingstips

09 jun 2016 - 12:22

Goed 150 ynwenners fan Súdwest-Fryslân hawwe foar 6 miljoen euro oan ideeën yntsjinne by de gemeente dêr't neffens har op besunige wurde kin. Sa jouwe se oan dat der wol besparre wurde kin op de skuldhelpferliening en dat de ûnreplikesaakbelesting mei 2,5 persint omheech kin.

Fierder soe der in boeteregeling komme moatte foar ferhierders fan gebouwen dy't langere tiid leechstean. Organisatoaren fan grutte eveneminten moatte sels ferantwurdlik wurde foar it ôffal dat achterlitten wurdt.

Boargers moatte betelje foar al it bou- en sloopôffal dat se oanbiede, fine de ynwenners. No is de earste twa kúb noch fergees. De gemeente Súdwest-Fryslân moat struktureel 4,5 miljoen euro besparje. Yn it koälysje-akkoart waard yn 2014 fêstlein dat besunigingen yn gearwurking mei de ynwenners dien wurde moatte.

It kolleezje hat de ideeën beoardiele op helberheid. Der kin foar 1,3 miljoen fuortendaliks besparre wurde, sizze boargemaster en wethâlders. Dizze besunigingen wurde opnaam yn de perspektyfnota. Op 15 juny prate it kolleezje en de gemeenteried mei de ynwenners oer de ideeën yn in iepenbiere gearkomste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)