Gerry Hamstra is nije technysk manager by SC Hearrenfean

09 jun 2016 - 11:45
  • Gerry Hamstra

Gerry Hamstra is de nije technysk manager by SC Hearrenfean. Hy begjint op 1 july, meldt de klup, en hat foar trije seizoenen tekene. De 45-jierrige Hamstra wie de ôfrûne sân jier haad jeugdoplieding by Vitesse. Algemien direkteur Luuc Eisenga omskriuwt him as in "echt voetbaldier''.

Mei de komst fan Hamstra is it managementteam fan SC Hearrenfean wer kompleet. De Grinzer wie mear as tsien jier haadtrainer op it heechste amateurnivo by klups as Drachtster Boys, Achilles 1894 en SC Genemuiden.

Yn 2007 makke er de oerstap nei it proffuotbal as haadtrainer fan FC Emmen. Dêrnei wie er by Vitesse sân jier haad jeugdoplieding en twa seizoenen haadtrainer fan de beloften. Hamstra neamt SC Hearrenfean in "prachtige club met een mooi stadion en een zeer trouwe aanhang''.

Gerry Hamstra is de opfolger fan Hans Vonk dy't yn maaie fuort moast by SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)