Ferwûne by botsing tusken snorscooter en buske yn Drachten

© Srfotografie
In 18-jierrige frou út Aldegea (Sm.) is woansdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok yn Drachten. Se ried op har snorscooter oer de Stasjonswei en klapte by de Hof van Edenlaan op in buske. It slachtoffer rekke ferwûne oan in skonk en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De bestjoerster fan it buske kaam mei de skrik frij.
De plysje docht ûndersyk nei de oanriding. De bestjoerster fan it buske hat de 18-jierrige frou nei alle gedachten oer de holle sjoen.