Kollum: "Toppertje"

09 jun 2016 - 08:54
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Kenne jim Guillermo en Tropical Danny noch? Grutte kâns fan net. Se hienen tsien jier lyn in grutte hit. Dat frijwat yn de holle hingjen bliuwende nûmer sille jim grif noch wol kenne. As ik sis: ‘Doe mij een toppertje, en een breezer ananas, en doe er ook maar een dubbele whisky bij,’ ferjou my myn minne Amsterdamske aksint, mar der sil by in soad âldere jongeren no dochs wol in beltsje rinkeljen gean. 3FM deejay Giel Beelen prestearre it om yn july fan 2006 dat freeslike ferske twa oeren efter elkoar te draaien. En ik leau net iens dat er doe ûntslein is. Neffens my hat in oar dat ek ris in oere lang mei Drops of Jupiter fan Train dien. Dat snap ik dan wol wat mear. Ik wit sa net mear hokker plaatsjedraaier dat wie.

Simmerhits binne meastal net de meast dreech te begripen ferzen. Moai foarbyld dêrfan wie bygelyks Boys, Boys, Boys fan de Italiaanske Sabrina Salerno. Sy waard filme yn in swimbad mei in te lytse bikiny dy’t algeduerich ôfsakke en ik tink net dat ik jim útlizze hoech wêr’t de oandacht yn dy klip nei útgie. De measte simmerhits duorje krekt sa lang as de simmer duorret en dêrnei hearre je se net faak wer. Der binne wol wat útsûnderingen, Kaoma mei Lambada, Bryan Adams mei it griisdraaide Summer of 69, Kid Rock mei All summer long.

Myn simmerfakânsjeplaat út myn jeugd dy’t altyd wer foarby komt is fan Don Henley, de drummer/sjonger fan de Eagles. Hy brocht yn oktober 1984 it prachtige Boys of summer út. Doe’t ik de simmer dêrnei mei in oantal maten (dy’t ik letter nea wer sjoen ha) in wike nei It Amelân gie, wie dat de hit. Net alle simmerhits ferdwine, dizze komt noch altyd foarby, sa as Driving home for christmas fan Chris Rea oant yn der ivichheid om de krystdagen hinne draaid wurde sil. Neat mis mei.

Hoe dan ek, je kinne troch ien nûmer sa pakt wurde dat je it de hiele dei wol draaie kinne sûnder dat it ferfeelt. It komt net sa faak foar dat my dat oerkomt. In jier as wat lyn hie ik it mei Set fire to the rain fan Adele. Nei ien kear dat nûmer heard te hawwen wie ik ferkocht. Ik bin oars hielendal net sa’n grut Adele-fanaat.

It komt noch minder foar dat ien artyst it foar elkoar krijt om twa nûmers te skriuwen dêr’t ik de repeatknop op oanset. It is Joe Bonamassa al slagge. Immen dy’t hjir net sa bekend is, mar hy kin ôfgryslik gitaar spylje en lûkt oeral folle sealen. In jier as wat lyn ûntduts ik syn nûmer Happier Times en dat ha ik sûnt dy tiid alle dagen sawat draaid. De live útfiering yn de Royal Albert Hall yn London. Geweldich moai, mei twa fantastyske drummers en in superperkusjonist. Sa’n nûmer skriuwe je mar ien kear, tocht ik doe. Fout. Op 25 maart dit jier ferskynde it album Blues of Desporation. En dêr stiet it nûmer Drive op. Wer mei twa drummers, in tekst oer stress en dêroan ûntflechtsje.

Alles yn dit nûmer sprekt my oan. Mar de show wurdt stellen troch de eftergrûnsjongeressen. Sa moai as sy it ynkleurje is njonken it ferslaavjende gitaarlickje fan Bonamassa reden om dit as myn simmerhit fan dit en de kommende fiif, seis jier te beneamen. Ik kin my net yntinke dat Joe it noch in kear oprêde sil om soks te meitsjen, mar om my mei er. Op radio Veronica ha se kommende sneon de Car Hits top 60, nûmers dy’t it goed dogge as je oan it autoriden binne. Hy sil der wol net yn stean, mar foar my mei stip op ien binnen en sykje him mar op Youtube: Joe Bonamassa. Drive. Miskien kinsto him wolris draaie, Jacob. In oere lang graach."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)