Ynformaasjejûn azc Balk ôfsein troch tragysk ûngelok

08 jun 2016 - 21:58

De ynformaasjebyienkomst dy't woansdeitejûn hâlden wurde soe oer it asylsikerssintrum dat yn Balk komt, is útsteld. Neffens de gemeente De Fryske Marren is in meiwurkster fan it COA dy't belutsen wie by de kommunikaasje oer it asylsikerssintrum en de organisaasje fan de byienkomst ûnferwachts ferstoarn by in ûngelok.

De gemeente en it COA hawwe dêrom yn oerlis besluten om in nije datum te plannen foar de ynrinjûn. Wannear't dat is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)