Utstjoerburo Flexwurk oernaam troch Noord Uitzendbureau

08 jun 2016 - 21:51

It fallite Flexwurk Uitzenden BV is oernaam troch Noord Uitzendbureau BV, ûnderdiel fan de Louwsma Beheer Groep yn Bakkefean. Noord Uitzendbureau, mei fêstigingen yn Frjentsjer, Ljouwert, Drachten, Bakkefean en Leek, nimt de klanten en de 40 útstjoerkrêften oer. De namme Flexwurk ferdwynt.

Direkteur Sieb Louwsma fan Noord Uitzendbureau en eigener fan LBG ferwachtet benammen yn de regio Hearrenfean de aktiviteiten fierder útwreidzje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)