Noch in protte útdagingen foar Fryske kultuersektor

De kultuersektor yn Fryslân is yn de ôfrûne fiif jier bot feroare, en net alle feroaringen binne goed. Dat docht bliken út it ûndersyksrapport 'Samen werken aan Kunst en Cultuur in Fryslân' fan kultuersintrum Keunstwurk. It ûndersyk is dien om't de hjoeddeistige kultuernota fan de provinsje ein dit jier ôfrint. It rapport is de basis foar in fisy op de nije kultuernota. Keunstwurk wol mei it ûndersyk oan de provinsje sjen litte hoe't de kultuersektor der op it stuit foar stiet en hoe't sy har rol dêr yn de kommende fjouwer jier yn sjogge.
Fersnippering
Ut it ûndersyk docht bliken dat it oanbod yn de kultuersektor bot fersnippere is yn de ôfrûne fiif jier. De-ynstitúsjonalisearring en in groei yn it tal ZZP'ers soene de oarsaken hjirfan wêze. En dit hat neffens it rapport wer te krijen mei de besunigingsslach dy't makke is. De besunigingen soargje der bygelyks foar dat in protte saken oernaam binne troch de merk. It rapport stelt fêst dat dizze ferskowing derfoar soarget dat bepaalde saken no tusken wâl en skip driigje te fallen. It giet dan benammen om saken dy't net nijsgjirrich genôch binne om jild mei te fertsjinjen.
KH2018
Fansels komt ek Kulturele Haadstêd 2018 yn it rapport oan bod. Ut it ûndersyk docht bliken dat yn de kulturele wrâld fan Fryslân de wearde en de kânsen fan Kulturele Haadstêd goed bekend binne. Dochs blykt ek dat ferskate sektoaren noch gjin oansluting fiele by it projekt. Dit soe better moatte, sa seit Keunstwurk. Sy sjogge dêr ek foar harsels in rol yn.
It ûndersyksrapport oer de stân fan saken yn de Fryske kultuersektor is oanbean oan sawol de provinsjale as de gemeentlike polityk.