Fryske gemeenten stimme yn mei himpteeltproef

08 jun 2016 - 21:25

Gemeenten yn Nederlân wolle eksperimintearje kinne mei de teelt fan himp. In grutte mearderheid fan de gemeenten hat dizze oprop woansdei dien op it kongres fan de Vereniging Nederlandse Gemeenten. Yn Fryslân binne benammen de gemeenten Ljouwert en Smellingerlân grut foarstanner fan dit soarte fan eksperiminten mei legale himp. It jout de oerheid mooglikheden om it kweken te regulearjen.

Neffens boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat hast 90 persint fan de gemeenten ynstimd mei de plannen. Sawol grutte as lytse gemeenten hawwe foar stimd. Crone is bliid mei dit hege persintaazje.

Gjin Keamermearderheid

De oprop fan de gemeenten folget de útkomsten fan it rapport fan de kommisje Schneiders, dy't earder al sei dat der regels komme moatte foar de produksje en ferkeap fan himp. Of de oprop fan de gemeenten ek oernaam wurdt troch it Ryk, is noch net dúdlik. By it útkommen fan it rapport fan Schneiders sei minister fan justysje Ard van der Steur dat der yn de Twadde Keamer gjin mearderheid is foar it regulearjen of legalisearjen fan Nederwiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)