"Fiif jier VMBO is net ferstannich"

It pleit om it VMBO op te rekken fan fjouwer nei fiif jier is te koart troch de bocht. En der binne wol oare metoaden om it gat tusken it VMBO en it MBO te tichtsjen. Dat fynt lokaasjedirekteur Wytze Algra fan it VMBO fan skoallemienskip Liudger yn Drachten. Hy reagearret dêrmei op it plan fan de VO-raad; de lanlike koepel fan middelbere skoallen.
It VWO duorret seis jier, de Havo is fiif jier, mar op it VMBO wurde bern fan 16 jier al de wrâld ynstjoerd. En dat is nuver, fynt de VO-raad.
Net ferstannich
Mar Algra fynt in algemiene maatregel om it VMBO te ferlingen nei fiif jier net ferstannich. "Foar in diel fan de learlingen dy't heger op it mbo ynstreame wol, sil it grif goed wêze. Guon learlingen witte lykwols al jierren hokker rjochting se op wolle en foar harren soe it betsjutte dat se noch in jier langer op skoalle sitte moatte." Foar Algra kaam it nijs as in ferrassing. "Nei myn idee is dit plan net mei ûnderwizers út it wurkfjild goed oerlein."