CDA'er Buma: Wurdearring foar keapsnein-beslút Smellingerlân

CDA-lieder Sybrand Buma hat grutte wurdearring foar gemeenten dy't der foar kieze om gjin keapsnein yn te fieren. Buma sei dat woansdeitemiddei yn Smellingerlân, ien fan de lêste Fryske gemeenten sûnder keapsnein. Buma wie yn Drachten foar moetingen mei CDA-bestjoerders en CDA-leden. Buma sei dêrby dat dy keapsnein om him net hoecht. Hy fynt it krekt weardefol dat ien dei yn 'e wike net yn it teken stiet fan jild fertsjinje, mar fan famyljebesite of sport.
Ien keapsnein yn de moanne
Gemeenten hawwe it rjocht om hjir sels oer te besluten, mar wat it CDA oangiet binne de winkels op gjin inkeld plak yn Nederlân op snein faker iepen as ien kear yn de moanne. Yn Drachten is de keapsnein in wichtich polityk tema. In diel fan de middenstân wol graach iepen op snein, mar it kolleezje fan b&w en in mearderheid yn de ried binne dêr op tsjin. Neffens Buma kinne je de winkels better helpe troch de parkeartarieven leech te hâlden, sa sei er yn Drachten.
De CDA-ledemiddei mei de krekt nij keazen listlûker luts woansdei sa'n fyftich, foar it grutste part âldere, CDA-leden. Dy sieten fol fragen oer alderhande ûnderwerpen lykas de soarch, de pensjoenen, de flechtlingen, orgaandonaasje en lânbou. It CDA moat as partij grutsk wêze op de opposysjerol fan de ôfrûne jierren, sa seit de CDA-lieder. De partij is dêr sterker útkommen en Buma tinkt dat dat ek yn Smellingerlân it gefal wêze sil. Buma ferwachtet dat der yn it hjoeddeiske klimaat fan fûle politike polarisaasje tusken links en rjochts wer ferlet is oan in 'middenpartij fan soarch, wearden en tradysje'.