Habtamu de Hoop wint lanlike speechwedstriid net

08 jun 2016 - 19:58

Habtamu de Hoop hat de speechfinale fan it tv-programma 'Op weg naar het Lagerhuis' net wûn. De 18-jierrige Habtamu fan Wommels wie ien fan de trije kandidaten dy't selektearre wie foar de finale. De sjuery wie entûsjast oer de speeches fan alle trije dielnimmers, mar de earste priis gie nei de 13-jierrige Lisa út Eindhoven. Sy wint in reis nei de Feriene Naasjes yn New York.

Habtamu sit op it RSG Magister Alvinus yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)