1,5 miljoen foar leechsteande monuminten

08 jun 2016 - 18:03

De provinsje hat 1,5 miljoen euro beskikber foar it restaurearjen en oanpassen fan leechsteande monuminten lykas gemalen of suvelfabriken, sadat dy in nije bestimming krije kinne, bygelyks wenjen.

Wa't ynteresse hat, kin tusken 12 en 19 septimber in subsydzje-oanfraach yntsjinje. Der moat dan wol in restauraasjeplan mei ynspeksjerapport ynlevere wurde. Neffens de provinsje is de subsydzje net bedoeld foar gebouwen dy't oarspronklik boud binne as wenning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)