80.000 euro subsydzje foar Fryske natuer en kultuer

Publyk ûnder reinskermen op City Proms © Omrop Fryslân, Alle Faber
It Kultuerfûns Fryslân hat goed 80.000 euro oan subsydzjes útdield oan 32 kultuer- en natuerprojekten.
Stichting City Proms krijt 16.500 euro subsydzje foar it jaan fan workshops oan minsken mei in beheining. Oare projekten dy't jild krije binne Stichting Media Art Friesland foar it festival Luna dat yn desimber yn Ljouwert hâlden wurdt en de Stichting Culturele Herdenkingen Friesland foar it teaterstik 'Troelstra is Terug.'