D66 stelt fragen oer fertraging akwadukt Drachtsterbrêge

08 jun 2016 - 16:26

De fraksje fan D66 yn de gemeenteried fan Ljouwert wol witte oft it klopt dat it wurk oan it akwadukt yn de Drachtsterwei sa goed as stilleit. De partij hat dêroer skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan B&W. D66 reagearret dêrmei op berjochten yn de Fryske media, dat der noch mar minimaal wurk ferrjochte wurdt oan it akwadukt.

Wurdt oplevering yn 2016 helle?

Twa moannen lyn waard al bekend dat de provinsje as opdrachtjouwer en oannimmer Heijmans it net iens binne oer it wurk oan it akwadukt en de Raad van Arbitrage yn Utrecht hjir te set oer sil. De partij wol no witte oft de ferskode falbile foar de oplevering fan ein 2016 noch wol helle wurdt. Ek wol D66 witte oft de gemeente finansjele risiko's rint en wat de gemeente dwaan kin om de falbile wol te heljen.

Ferklearring Heijmans

Yn in ferklearring seit oannimmer Heijmans dat it wurk net folslein stilleit. Der wurdt neffens de oannimmer wurke oan de fierdere ôfwurking fan de binnenkant. Op kantoar wurdt wurke oan de tarieding fan takomstige wurksumheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)