Caparisdirekteur Sinnema kin wer oan it wurk

08 jun 2016 - 16:01

Tjerk Sinnema, de skorste direkteur fan Caparis, kin wer oan it wurk. De sosjale wurkfoarsjenning ferset him net langer tsjin it weromkommen fan Sinnema. It jout dêrmei gefolch oan de útspraak fan de rjochter. Caparis hat twa kear in rjochtsaak oer de kwestje ferlern. 

Caparis hie Sinnema tegearre mei kollega Klaas Weissenbach skorst. De nije direkteur, Ben Gerrits, hie neffens eigen sizzen ûnregelmjittichheden ûntdutsen by de beneaming fan beide direkteuren. De rjochter seit dat dit Sinnema net oan te rekkenjen is.

Takomstplannen Caparis

Gerrits praat freed mei de skorste direkteur. De yntinsje is dat hy yn de rin fan nije wike wer oan de slach kin en fierder giet mei de takomstplannen foar Caparis. Foar syn skorsing wie Sinnema ek al dwaande om Caparis oan te passen op it nije belied fan de Ryksoerheid. Dêrby moatte minsken net tsjinsteande har hendikep dochs by reguliere bedriuwen oan it wurk holpen wurde, yn stee fan by de sosjale wurkfoarsjenning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)