Drankrider (21) rjochtet ravaazje oan yn Drachten

08 jun 2016 - 15:54

De plysje yn Drachten hat tiisdeitenacht in 21-jierrige drankrider út dat plak oanhâlden nei't er mei syn auto in ravaazje oanrjochte hie op It Noard. De man ried troch iepenbier grien en ried meardere beammen omfier. Derneist ûntstie in soad skea oan it asfalt.

De drankrider wegere eltse meiwurking en misledige de plysjes. Hy gie dêr op it buro mei troch. Syn rydbewiis is ynnaam en der binne meardere prosessen-ferbaal tsjin de man opmakke. De Drachtster moast de rest fan de nacht yn de sel trochbringe.

Byrider ek oppakt

In 26-jierrige man sûnder fêst wenplak dy't by de Drachtster yn de auto siet, is ek oanhâlden. De man waard troch de plysje yn Amsterdam al sûnt 2014 socht foar fraude. De man is woansdei foar fierder ûndersyk nei Amsterdam brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)