200.000 besikers ferwachte by Loftmachtdagen Ljouwert

08 jun 2016 - 15:36

De organisaasje fan de Ljouwerter Loftmachtdagen ferwachtet dit wykein mear as 200.000 besikers. Oan de fleanshow, mei it tema 'Ynternasjonale gearwurking', dogge dit jier fleantugen út njoggen lannen mei. Mei de nije F-35 hat fleanbasis Ljouwert in primeur. It is foar it earst dat de F-35 yn in Europeeske fleanshow te sjen is. Wat de F-35 presys dwaan sil yn de fleanshow is noch net bekend.

Foar it earst is der ek in app fan de Loftmachtdagen. Dêrop kinne besikers sjen hoe't se it bêste reizgje kinne en wat der te dwaan is op it terrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)