Bylden fan reedriders ûntbleate by nije ovonde Aldtsjerk

08 jun 2016 - 12:40

Deputearre Sietske Poepjes hat twa bylden ûntbleate op de nije ovonde yn Aldtsjerk. De ovonde is oanlein troch de provinsje, mar de bylden wienen in inisjatyf fan it doarp sels. Dat woe graach in herkenningspunt hawwe foar de ynwenners. De bylden besteane út fjouwer reedriders en binne twa meter heech. Doarpsbelang wie de lûker fan it projekt.

De ovonde leit yn de dyk fan Oentsjerk nei Dokkum. Yn it ferline waard der noch wolris te hurd riden oer dizze dyk. Mei de nije ovonde kinne fytsers en bromfytsers feilich oerstekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)