Tongersdei mear dúdlikheid oer takomst fan swimbad De Frosk

08 jun 2016 - 12:32

It is tongersdei in wichtige dei foar it fallite swimbad De Frosk op de Westereen. Dan komt it Keninklike Nederlânske Swimbûn mei de sifers dy't bepale oft it swimbad wer iepen kin of definityf ticht bliuwt. In spesjale aksjegroep hat yntusken al sa'n trijetûzen hantekeningen ynsammele foar behâld fan it swimbad yn it doarp. Sy hoopje dermei dat de gemeente Dantumadiel helpe wol mei in mooglike trochstart.

De kurator hat al wol dizze wike de ynboel fan it swimbad te keap setten foar 26.000 euro. It aksjekomitee wol dat graach keapje, mar dat jild hawwe sy net, sa seit Anke Wijbenga fan it komitee. Sy wolle no earst besykje it jild te lienen fan de gemeente.

Net hiel entûsjast

De gemeente sels hat it swimbad fjouwer jier lyn ferkocht om't De Frosk al skoften net goed draaide. Wethâlder Theunis Piersma lit yn in reaksje witte de útkomsten fan de sifers fan it swimbûn earst ôfwachtsje te wollen, foardat de gemeente taseit om wol of net it aksjekomitee te stypjen. Wol jout de gemeente oan net hiel entûsjast te wêzen om mei te beteljen oan de eksploitaasje fan it swimbad.

Earste keap

De gemeente is noch wol ree om te besjen oft sy it rjocht fan earste keap brûke kinne, om it dêrnei oer te bringen yn in stichting. ''Mar dat hinget allegear fan de sifers ôf'', sa seit wethâlder Theunis Piersma fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)