Juwelier Henk Oosterhof fan alvestêdekrúske fallyt

08 jun 2016 - 12:19
  • Alvestêdekrúske

De Grinslanner juwelier Henk Oosterhof is fallyt. Dat meldt RTV Noord. Oosterhof waard lanlik bekend om't er in gouden alvestêdekrúske makke foar reedrider Piet Kleine. Dy miste yn de Alvestêdetocht fan 1997 de stimpelpost fan Hylpen en krige om dy reden gjin offisjeel alvestêdekrúske.

Oosterhof makke dêrom in apart krúske foar Kleine. De Grinslanner hie twa juwelierssaken, yn Veendam en Stadskanaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)