Cornelia Hoeve Jistergea makket kâns op gastfrijenspriis

Foar personiel, mantelsoargers, bewenners en frijwilligers fan de Cornelia Hoeve yn Jistergea wurdt it woansdei in spannende dei. De lytsskalige wensoarchbuorkerij foar âlderen mei demintens makket woansdeitejûn kâns om fjouwer of fiif stjerren yn de wacht te slepen foar de gastfrijens dy't der yn de hoeve ferliend wurdt. De jierlikse 'Gastvrijheidszorg met Sterren-byienkomst' wurdt jierliks organisearre mei it doel de gastfrijens yn de soarch op in heger peil te krijen.
Dit jier hawwe 160 soarchynstellings harren oanmelden foar dielname. Alle ynstellings binne besocht troch saakkundigen, mar ek leden fan kliïnterieden, personiel en mantelsoargers is frege wat se fine fan de gastfrijens. De wensoarchbuorkerij is de iennichste Fryske ynstelling dy't de top 10 helle hat. Yn it prestizjeuze Okura hotel yn Amsterdam wurdt woansdeitejûn bekend hoe't de Cornelia Hoeve scoart.