Bou fan opfanglokaasjes foar flechtlingen giet te traach

08 jun 2016 - 07:26

De bou fan nije opfanglokaasjes foar flechtlingen yn Fryslân giet te traach. Dat skriuwt de saneamde Regietafel dy't him dwaande hâldt mei it flechtlingeprobleem oan alle Fryske gemeenten en it kabinet. Yn dy Regietafel sitte fertsjintwurdigers fan dyselde gemeenten, it COA en de Veiligheidsregio Fryslân. Foarsitter is kommissaris fan de kening John Jorritsma.

Neffens de Regietafel sit der tefolle tiid tusken it beslút oer de bou en de echte realisaasje. De fertraging is faak in jier of oardel jier. It COA, it kabinet en de gemeenten soene der mear oan dwaan moatte om dy tiid koarter te meitsjen, oars kin ús provinsje de stream flechtlingen net oan.

Prosedueres kinne koarter

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean, ek lid fan de Regietafel, tinkt dat de ynterne prosedueres fan it COA koarter kinne. Ek moat it kabinet neffens him sjen nei alle regels rûnom it bouwen fan opfanglokaasjes. As der minder regels binne, giet it proses flugger, seit er.

Kwotum 

Dêrneist rint ek de opfang fan statushâlders yn ús provinsje achter by wat it doel is. Alle gemeenten hawwe in kwotum krigen. Dat is it oantal minsken dat in ferbliuwsfergunning krigen hat en dat rjocht hat op wenromte. De gemeenten binne dêr ferantwurdlik foar, mar helje it kwotum faak net. Dêrtroch bliuwe dizze statushâlders yn in azc wenje, wylst se dêr eins net mear hearre.

Lanlik soenen der tritich azc's minder nedich wêze as alle statushâlders op tiid wenromte oanbean krije, fertelt Van der Zwan. Hy ropt Fryske gemeenten dan ek op om gear te wurkjen op dit mêd, sadat dizze minsken flugger wenromte fine kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)