Opsporing Verzocht smyt seis tips op oer sedesaak

De útstjoering fan Opsporing Verzocht hat tiisdeitejûn seis tips opsmiten oer de sedesaak yn Ljouwert. Op 22 maaie waard in 60-jierrige frou yn de Blommebuert seksueel misbrûkt. Yn de útstjoering fan tiisdei liet de plysje de komposysjetekening fan de fertochte sjen. Ek makke de plysje bekend dat it dna fan de dieder oantroffen is yn it hûs fan it slachtoffer. It dna levere lykwols noch gjin match op mei de profilen yn de databank fan de plysje.
Fierders fertelle de plysje dat man himsels 'Arnoud' neamde. De fertochte hat tsjin it slachtoffer sein dat er út Amsterdam kaam en in pear dagen yn Ljouwert wie. Hy soe 31 jier âld wêze en earder mei de plysje yn oanrekking west hawwe. De plysje tinkt net dat de man de wierheid sprekt, mar bringt de ynformaasje dochs nei bûten. Mooglik hat er itselde tsjin oare froulju sein.