Wurkstraf easke tsjin fertochte fan útkearingsfraude

07 jun 2016 - 22:14

Tsjin in 61-jierrige man fan 'e Harkema hat justysje tiisdei 240 oeren wurkstraf easke foar útkearingsfraude. De man soe de gemeente Achtkarspelen fan 2010 oant ein 2014 oplicht hawwe foar 112.000 euro troch te wurkjen wylst er in útkearing krige.

De plysje krige yn 2013 te hearren dat de man yn it kafee fan syn freondinne op 'e Harkema wurke. It gong om 25 oant 30 oeren yn 'e wike, sa ferklearre de freondinne by de plysje. De man hie it wurk net trochjûn, omdat er der neat mei fertsjinne, sa ferklearre er.

Werombetelje

Ekstra wurk as skilder smiet wol jild op en dat joech de man net troch, omdat er in ekstraatsje hawwe woe. De fertochte moat de gemeente 62.000 euro werombetelje. Dêr is er al mei úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)