FIDEO: Rûnflecht F-35 boppe Nederlân

De rûnflecht fan de F-35 dy't ferline wike net trochgie, waard tiisdeitemiddei hâlden. De strieljager fleach relatyf leech en stadich oer it lân, sadat minsken him sjen koene. Ferline wike koe dat net, omdat der tefolle bewolking wie. Tiisdei wie it waar goed en koe hiel Nederlân mei de F-35 yn 'e kunde komme.
De F-35's fleane oer twa wiken werom nei Amearika. Yn 2019 komme se definityf nei Nederlân.