Skiermûntseagers komme yn aksje tsjin proefboarrings

07 jun 2016 - 20:46

Ynwenners fan Skiermûntseach komme yn aksje tsjin de proefboarrings foar de kust. Sy wolle nei Den Haag, juridyske aksje ûndernimme en 100.000 hantekeningen ophelje. Dat alles om foar te kommen dat yn 't sicht fan it eilân gas wûn wurdt.

Wat dat oanbelanget wol it eilân ek gau oerskeakelje op duorsume enerzjy om sa it goede foarbyld te jaan, seit de Werkgroep Horizon Schiermonnikoog. Sy roppe juristen op harren te helpen om mei súkses beswier te meitsjen by de Rie fan Steat.

Aksjesintrum op it strân

De hantekeningen wolle sy mei help fan organisaasjes lykas de Waadferiening ophelje troch de hiele simmer in aksjesintrum op it strân yn te rjochtsen dêr't minsken tsjin de plannen tekenje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)