Wettersporters hawwe soargen oer nije wet

07 jun 2016 - 20:30
  • Wettersport

Der is noed by wettersporters oer in nije wet dy't it dreger makket om boaten te slepen. Neffens de nije regeling moat elke boat dy't wat sleept in saneamd Certifikaat van Onderzoek hawwe. Dat soe sels jilde foar in boat dy't in surfplanke meisleept of in rubberboatsje foar de bern.

De Twadde Keamerfraksjes fan de PvdA en VVD wolle no fan de minister witte oft dat eins wol de bedoeling is fan de nije wet. Se hawwe dêrom skriftlike fragen steld.

Se fine dat der in útsûndering komme moat foar de wettersport. Boppedat wolle se dat de minister yn petear giet mei de wettersport oer de regeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)