FIDEO: Oan it wurk troch súksesfol reyntegraasjeprojekt

Tsjin de stream yn slagget it sosjale wurkfoarsjenning Empatec om út te wreidzjen, wylst oaren besunigje moatte. Yn gearwurking mei reyntegraasjeprojekt Pastiel wurde de wurknimmers klearmakke foar in reguliere baan. Sûnt 2013 hawwe al hûndert minsken regulier wurk krije kinnen troch dit reyntegraasjeprojekt.
Ien fan dy súksesprojekten is de tomatekwekerij yn Wier.